Gemeente Heerenveen

Lytse Fûgel - Tryater (3 voorstellingen)

woensdag 6, donderdag 7 en vrijdag 8 april 2005 aanvang: 20.15 uur
Entree: EUR 16,00 pas 65 EUR 15,00 CJP EUR 13,50

05-04-08

"Lytse Fûgel"
Tryater

De voorstelling op 8 april is uitverkocht.
Voor de andere dagen zijn nog voldoende kaarten beschikbaar. Voor de andere dagen zijn nog voldoende kaarten beschikbaar. Toanielstik "Little Voice" út 1992 fan Jim Cartwright. Spilers: Nynke Laverman, Jan Arendz, Marijke Geertsma, Romke Toering, Klaasje Postma.
Regy: Bruun Kuyt.
Premiêre: maart 2005.

It Fryske beropstoanielselskip Tryater bestiet yn 2005 fjirtich jier en fiert dat mei it grutte muzikale en sprankeljende teaterspektakel "Lytse Fûgel" ("Little Voice") fan de Ingelske toanielskriuwer Jim Cartwright. In pear jier lyn spile Tryater it suksesstik "Twa" ("Two") fan deselde skriuwer.
Jim Cartwright skreau mei "Little Voice" in wrâldferneamd toanielstik oer in famke dat gjin wurd mear seit en allinnich mar sjongeressen neidocht. It stik is yn ús lân earder spile yn it Hollânsk yn 1994, únder regy fan Jos Thie, mei Vera Mann, Pleuni Touw en Hugo Metsers. It is yn 1999 ek ferfilme, mei Jane Horrocks, Brenda Blethyn en Michael Caine.
Yn de Fryske oersetting spilet sjongeres Nynke Laverman de haadrol fan Little Voice (Lytse Fûgel of L.F. sa't har mem seit). Sûnt har heit ferstoarn is, sit Lytse Fûgel de hiele dei op har keammerke te lústerjen nei de platen út har heit syn platekolleksje. Mem hat gjin oandacht foar har stille dochter, want se is fierste drok mei allegearre louche kearels. L.F. sjongt yntusken sûnder muoite de grutste suksessen fan Shirley Bassey of Amalia Rodriguez. Op in jûn heart teateragint Ray Say - de nije flam fan mem - L.F. sjongen. Hy is hielendal wei fan har talint en tinkt mar oan ien ding: jild! Dreamen en wanhoop botse mei-inoar as Ray Say en L.F. har mem alles op it spul sette om fan de bange en ûnwillige Lytse Fûgel in stjer te meitsjen. Nei in suksesfol optreden stoart it famke hielendal yn. Betsjut dizze senuwynsinking it ein fan har stim?

Fotoverantwoording: Henri Vos
www.tryater.nl