Gemeente Leeuwarderadeel


Nieuwjaarstoespraak 2010

07-01-2010 16:14

Tijdens de nieuwjaarsreceptie van de gemeente en de ondernemersvereniging heeft burgemeester Eric ter Keurs zijn toespraak gehouden. De receptie vond plaats op woensdag 6 januari jl. in cafe restaurant De Smalle Brug in Stiens.

Alderearst fansels myn hertlike winsken oan jim allegearre. Folle lok en seine yn 2010.
Ek dit jier organisearje it gemeentebestjoer en de ûndernimmers-ferieniging OVL mei-inoar in nijjiersgearkomste. En op `e nij no al wer foar herhelling fetber, wat my oanbelanget. Dit jier wat oars as oars, want sa't jim wol murken ha, binne wy diskear op in oare lokaasje delstrutsen. Mar ek hjir is de kofje goed en binne ús lekkere hapkes tasein.

De nijjiersgearkomste stiet ek dit jier wer foar in wichtich part yn it teken fan de sport. Neffens yntusken fêste tradysje sil fan `e jûn de wethâlder Sport, mefrou Haites, de winners yn de sport 2009 huldigje, sawol teams as yndividuele sporters, mei of sûnder begelieder. Jim ek allegearre fan herte wolkom op dizze jûn.

Dus ik sil myn bydrage sa koart mooglik hâlde. Mar lange speeches wiene jim dochs al net wend fan my.

Graach wol ik ek diskear myn kompliminten útsprekke oan elkenien foar it yn dizze gemeente relatyf rêstich ferrûne âld en nij. Gean sa troch. Âld en nij is in feest, en sa is it ek fierd - op in inkel ynsidint nei.

Mar no wat oars. De ekonomy sit ús net mei. De fermindere situaasje hat ek ús gemeente rekke. Oan besunigingen falt net te ûntkommen, benammen no't it Ryk ús ynkomsten sa bot werom rinne litten hat. En dat mooglik ek yn de takomst noch fierder trochsette sil. Dochs sil ek it kommende jier de gemeente gewoan trochgean mei it útfieren fan har taken, wêr't dat mooglik is, en net fuortrinne foar har ferantwurdlikheid. Mar ús ynvestearringsromte is de kommende jierren tige beheind. En de swarte wolken dy't it kabinet neffens guon de kommende jierren rjochting de gemeenten driget te stjoeren, makket it byld der net fleuriger op.
Mar foarearst wol ik der fan út gean dat it ryksbelied bliuwe sil om de wer foarsichtich opgeande ekonomy te stypjen, en dêr drage fikse besunigingen op koarte termyn net oan by. It binne ommers de oerheidsynvestearringen dy't op dit stuit de ekonomy wer út de ûnderwâl skuorre moatte. En wy binne der noch lang net.

Dat betsjut dat de gemeente foar de kommende jierren harsels as doel stelle mei om noch saakliker, doelmjittiger en effisjinter mei de beskikbere middelen om te gean.

2010 wurdt foar ús gemeente in jier dat de trochslach jout. Net allinnich binne der ferkiezingen, sa't jim witte, mar dit jier stiet der wol in bysûnder soad op it spul: de bestjoerlike takomst fan ús lokale demokrasy. Alle politike partijen ha de bestjoerlike takomst fan ús gemeente ynset foar de ferkiezingen makke.

It is trouwens sa, om ûndúdlikheden fuort te nimmen, dat it sittende kabinet en de mearderheid fan de Twadde Keamer op it stânpunt steane dat sûnder in riedsbeslút in gemeente net weryndield wurdt. Dus salang at ús ried it wol, en dêrmei dus ek jim as boargers, salang sil ús gemeente bestean bliuwe.

Oant no ta is it stânpunt fan de mearderheid fan ús gemeenteried dat wy ús taken it bêste útfiere kinne troch gear te wurkjen yn Middelsee-ferbân. Mar, sa stelt de mearderheid mei rjocht, dan moat dy gearwurking wol resultaat opsmite en trochgroeie kinne.

Middelsee foldocht goed as gearwurkingsferbân. De effekten fan gearwurking op de bedriuwsfiering, en dêrmei it útfiere kinne fan ús taken, binne te fernimmen. In belangryk oandachtspunt foar ús gemeente is ommers de amtlike kwetsberheid, en dy is mei de gearwurking foar in wichtich part te ûnderfangen.
Mar der binne ek oare winsten ynboekt. Lit ûnferoare dat gearwurkjen en ôfstimmen fansels tiid en enerzjy kostje.

Gearwurkje yn Middelsee kin lykwols ús beheinde finansjele earmslach net ûnderfange. Gruttere gemeenten ha no ien kear mear mooglikheden om gruttere ynvestearringen op te pakken as lytsere gemeenten. Soks wurdt troch gearwurkjen net oplost.

Mar ek hjir moatte lytse gemeenten net ûnderskat wurde. Troch mei-inoar mei te ynvestearjen yn it Noardwesttangint, nimme wy as lokale oerheden folop ús ferantwurdlikheid foar dizze foar de omkriten sa essinsjele provinsjale dyk.

Mar it bliuwt spitich dat wy tekoarten net by de provinsje dellizze kinne, en it omkearde wol plak fynt. Want úteinlik krije wy minder dyk foar mear jild, en soks bliuwt ûnbefredigjend.

Mar it soe helte slimmer wêze as it Noardwesttangint folslein net trochgiet. Ik mei hoopje dat de Steaten, no't wy sa djip yn `e bûse taaste (de ynwenner mear as Ljouwert of sels de Provinsje), ek harren ferantwurdlikheid nimme wolle.

Tot slot nog dit.

Van diverse kanten wordt mij gevraagd hoe ik nu in het dossier bestuurlijke toekomst sta.

Nu wil en kan ik natuurlijk onze lokale politiek niet in de wielen rijden, vooral nu het onderwerp zo prominent op de verkiezingsagenda staat, maar een korte beschouwing moet men mij maar vergeven. Ook een burgemeester heeft immers een verantwoordelijkheid.

Het is mij bekend dat er velen zijn, ook hier in deze zaal, die warme gevoelens koesteren richting Leeuwarden. En na het optreden van Parnananas van afgelopen maandag te hebben mogen meemaken, kan ik mij daar ook wel wat bij voorstellen.

Maar om nu reeds halsoverkop tot fusie met die stad te willen besluiten, is wellicht een beetje te onbesuisd. Het doet immers geen recht aan onze partners in Middelsee verband, Ferwerderadiel, Het Bildt en Menaldumadeel, waar we afspraken en een convenant mee hebben, en een lopende samenwerking. Bovendien is onze situatie bepaald niet vergelijkbaar met die van Boarnsterhim.

Het ligt in de bedoeling de Middelsee-samenwerking de komende tijd meer vorm en inhoud te gaan geven. Het is dan ook niet meer dan correct om onze samenwerking, die tot nu toe steeds door raadsbesluiten is gesteund, een - wellicht laatste - kans te geven zich ook daadwerkelijk te bewijzen. En de komende tijd zal duidelijk worden of dat ook kan lukken.

En mocht de komende jaren, laten we zeggen medio 2011, 2012, blijken dat Middelsee toch niet de duurzame en structurele vorm kan krijgen die ons voor ogen staat, dán kan ik mij voorstellen dat we afscheid nemen van onze partners en de steven van ons bootje richting het zuiden wenden om een gemeenschappelijke toekomst met Leeuwarden te zoeken.

Maar daarbij zal dan wel het bekende Afrikaanse spreekwoord gelden, dat zegt: wie met een olifant wil slapen, moet wel zorgen dat hij bovenop ligt.

Overigens is ook nu reeds een intensieve samenwerking met Leeuwarden natuurlijk essentieel voor onze gemeente. Onze economieën zijn zo verweven, dat we het ons niet kunnen veroorloven deze relatie te verwaarlozen.

Wat dat betreft ben ik dan ook bijzonder blij dat Leeuwarden en alle buurgemeenten recentelijk besloten hebben tot het fors opwaarderen van de samenwerking in de Stadsregio Leeuwarden. Intensief samen optrekken is in ons aller belang.

Hoe dan ook: het laatste woord hierover is natuurlijk aan u, de burgers van deze gemeente. Ik wil u allen bij dezen dan ook oproepen vooral te gaan stemmen, zeker nu er zoveel op het spel staat.

Ik wens u allen nogmaals een bijzonder succesvol en gelukkig 2010 toe, en bij dezen alvast mijn gelukwensen richting de winnaars van de Sport 2009.

En onze gemeenteraad natuurlijk veel wijsheid voor het komende jaar toegewenst!

Eric ter Keurs,
Boargemaster

Stiens, 6 jannewaris 2010

---