Ien weryndielingsuntswerp foar trije weryndielingen


De gemeenten Het Bildt, Franekeradeel, Leeuwarden, Leeuwarderadeel, Littenseradiel, Menameradiel en Sudwest-Fryslan hawwe de folgjende stap set rjochting trije weryndielingen yn noardwest Fryslan. De boargemasters en wethalders fan de san gemeenten hawwe ien mienskiplik weryndielingsuntwerp
feststeld en lizze dat no foar oan de gemeenterieden. De yntinsje fan it foarstel is om op 1 jannewaris 2018 te weryndielen.

Ien weryndielingsuntswerp foar trije weryndielingen.

Per 1 jannewaris 2018 fine der trije weryndielingen plak. De weryndielingsklusters sjogge der sa ut:

1. Leeuwarden: Leeuwarden, Leeuwarderadeel en foar in part Littenseradiel
2. Sudwest-Fryslan: Sudwest-Fryslan en foar in part Littenseradiel
3. Westergo y.o.: Franekeradeel, Menameradiel, het Bildt en foar in part Littenseradiel

Alle weryndielingen binne ferbun mei de gemeente Littenseradiel. Dizze gemeente splitst nammentlik op yn trije parten wurdt ferdield oer Westergo y.o, Leeuwarden en Sudwest-Fryslan. Derom is der ien weryndielingsuntwerp opsteld.

It weryndielingsuntwerp

Yn it weryndielingsuntwerp steane under oaren de redenen foar weryndielen en de wize werop, de nije geografyske grinzen, it draachflak en hoe foarm jun wurdt oan dy nije gemeente (fisy). It weryndielingsuntwerp is te lezen of del te laden fia www.weryndieling2018.frl en yn it Nederlansk fia
www.herindeling2018.frl.

It fuzjetrajekt

* Novimber 2015: De gemeenterieden nimme in beslut oer it weryndielingsuntwerp. Yn Ljouwert bart dit 16 novimber; yn de oare gemeente 12 novimber. Hjirnei leit it dokumint acht wiken op besjen.
* April 2016: De gemeenterieden nimme in beslut oer it weryndielingsadvys (it definitive stik nei de ynspraakreaksjes).
* April 2016: Definityf weryndielingsadvys nei Provinsje Fryslan. Deputearre Steaten jout har sjenswize.
* Juny 2016: Provinsje Fryslan stjoert Weryndielingsadvys nei ministearje fan Binnenlanske Saken en Keninkryksrelaasjes (BZK).
* Septimber 2016 - maaie 2017: Behanneling wetsuntwerp yn de Earste en Twadde Keamer
* Septimber 2017: Publikaasje weryndielingswet
* 22 novimber 2017: Weryndielingsferkiezinge gemeenteried fan de trije nije gemeenten
* 1 jannewaris 2018: Weryndielingsgemeenten fan start

Weryndielingswebside

De fuortgong fan it weryndielingsproses is te folgjen op de mienskiplike webside fan de belutsen gemeenten: www.weryndieling2018.frl en www.herindeling2018.frl. Dizze webside biedt ynformaasje oer it mienskiplike weryndielingsproses. Foar ynformaasje oer de aparte weryndielingen kin trochklikt
wurde nei de oanbelangjende gemeentlike websides.