Skriftlike fragen FNP oer sportakkommodaasjebelied


jeugd sport

De fraksje fan de FNP stelt yn 'e tarieding op 'e beslutfoarming yn 'e gemeenteried oangeande it sportakkommodaasjebelied in oantal fragen oant it kolleezje.

Sportsintrum

De fraksje fan de FNP hat in oantal skriftlike fragen foar it kolleezje opsteld. De fraksje freget him of oft de wethalder de fan op 'e hichte is dat BV Sport ut Ljouwert it sportsintrum It Gryn yn Stiens mei yngong fan 1 jannewaris 2016 oernimme sil, en werom as der wylst de nota oer it
sportakkommodaasjebelied opsteld waard, der gjin melding makke is fan dy oername. De fraksje wol ek witte oft de oername de nota net tsjinsprekt.

Skriftlike fragen

Wolle jo mear witte oangeande skriftlike fragen? Op de webside skriftlike fragen leze jo mear oer de fragen en antwurden. Hjir kinne jo ek in oersicht fine fan alle skriftlike fragen dy't yntsjinne binne.