Fryske speech Christelijke Hogeschool Nederland

(allinnich it sprutsen wurd jildt)

Dames en hearen,

Alderearst hertlik tank foar de útnoeging om jim skoalle hjir yn Fryslân besykje te meien. Lykas jimme witte hat ús regearing besletten de earste hûndert dagen fan har regearperioade sa folle mooglik it lân yn te gean foar petearen mei boargers, professionals, learlingen en studinten. Foar de útwurking fan de plannen op basis fan it fêststelde regearakkoart wolle wy nammentlik gjin diktaat oplizze út it toergebou fan it ministearje yn De Haach wei, mar kieze wy foar gearspraak mei de minsken yn it lân.

It docht my deugd jimme tasprekke te meien yn ien fan de fjouwer talen dêr’t it gebrûk yn it ‘Koninkrijk der Nederlanden’ wetlik fan fêstlein is. Ik moat jimme tajaan dat ik fan dy fjouwer talen mar twa sûnder tarieding en hielendal op eigen krêft prate kin. De oare beide moat ik by holpen wurde.

Omdat ik wit hoe bot at jimme yn Fryslân ynteressearre binne yn oare offisjele talen as allinnich it Nederlânsk, wol ik no even hifkje oft jimme spontaan de fjouwer wetlik fêstleine talen fan ús Keninkryk neame kinne. Ik hear jimme graach roppen:
1. It Nederlânsk; krekt.
2. Fansels; it Frysk.
Mar no wurdt it lestiger.
3. Yndie: Papiamento, ek wol Papiamentsk.
Mar no de fjirde taal. Wa wit it? Ik sil jimme helpe, de fjirde wetlik fêstleine taal is Ingelsk, de offisjele taal op Sint Maarten.

It Nederlânske regear hinget oan de Fryske taal en kultuer. Yn it regearakkoart is dêr ek in passaazje oan wijd. Ik sitearje:

De overheid bevordert het eenvoudig en zorgvuldig gebruik van het Nederlands als bestuurstaal en cultuur- en omgangstaal en legt daartoe het Nederlands vast in de Grondwet, onverminderd de wettelijke erkenning van (het gebruik van) de Friese taal.

We binne hjir op de ‘Christelijke Hogeschool Nederland’ yn Ljouwert. As minister fan Ûnderwiis wol ik no graach de gelegenheid te baat nimme om yn algemiene sin wat oer it ûnderwiis te sizzen. It ûnderwiis yn Nederlân is frij goed; mar lang net goed genôch. De mondialisearring set troch, en alle Nederlanners, fan Limburch oant Fryslân, sille yn de kommende desennia de effekten dêrfan fernimme. Der is mar ien manier om dy mondialisearring yn ‘e mjitte te kommen. Net troch it opheljen fan de slotbrêge en it sluten fan de poarten. Net troch it ûntkennen fan de bûtenwrâld en ek net troch elkenien mar wat gewurde te litten. Nee. Mondialisearring freget om treflik ûnderwiis. Allinnich troch treflik ûnderwiis kinne wy derfoar riede dat de kommende generaasjes besteane út goed tariste, produktive en striidbere (assertive) boargers, dy’t op de koarte en op de lange termyn folslein partisipearje kinne yn de maatskippij.

By myn omgong troch it lân krige ik it idee dat der de lêste 25 (fiifentweintich) jier in oantal ûntjouwingen yn it Nederlânske ûnderwiis slûpt binne dy’t net goed binne. Ik neam hjir trije.
1(ien). De skaalfergrutting is hjir en dêr trochsketten. It útgongspunt moat de minsklike maat wêze; learlingen moatte har thús en feilich fiele.
2 (twa). Dêrmei gearhingjend is yn guon ûnderwiisynstellingen de rol fan de learaar útholle, fiele ûnderwiisjouwers har ‘loopjongens’ (FR: boadskipjonges) fan it management yn stee fan oarsom, sa’t it eins wêze moatte soe.
3(trije). Nije foarmen fan learen en nije ynhâld - ik tink dan oan it saneamde ‘nije learen’ en oan it ‘kompetinsjerjochte learen’ - kinne soms in brûkbere bydrage leverje. Ik krij lykwols ek in protte sinjalen dat dy fernijingen hjir en dêr net de goede foarm krigen hawwe, of te gau of yn te hege ferhâlding ynfierd binne, of dat wy dy faaks perfoarst net ha wolle. Dy sinjalen nim ik o sa serieus. Wêr’t ûntjouwingen trochsketten binne, wol ik der wat oan dwaan. Ik moat dêr, sels heit fan twa soannen fan 15 (fyftjin) en 16 (sechstjin) jier, nammers wol by warskôgje dat it gjin nostalgysk ferhaal wurde moat. Ik bin der wis fan dat de manier dêr’t ik op les krigen ha, 45 (fiif en fjirtich) minuten de mûle ticht en opskriuwe wat de learaar op it boerd skreau, foar myn bern gjin effektive manier fan ûnderwiis wêze soe. It is dus saak nije foarmen te finen mei behâld fan it goede út it ferline.

Ta einbeslút. Ik ha as columnist wolris wat nitelichs skreaun oer de Fryske taal. Earlik sein gie it my dêrby net sasear om de taal op himsels, mar om de absolute manier fan dwaan, as wie der in wrâld fan ferskil mei oare streektalen yn Nederlân, lykas it Nedersaksysk of it Limburchsk. Dêr is sa njonkenlytsen wol genôch oer sein. De polemiken yn de Fryske parse binne my net ûntgien. Mar dat ik de Fryske taal in waarm hert tadraach, en dat ik as minister de belangen dêrfan behertigje sil, docht ûnder mear bliken út it feit dat ik myn uterste bêst dien ha om jimme hjir yn it Frysk ta te sprekken. Net hielendal sûnder aksint, bin ik bang, mar dat nimme jimme my grif net kwea ôf. Oan de oare kant, as jimme in kear yn De Haach te gast binne, daach ik jimme út om my dêr ta te sprekken yn it Haachsk, de taal dêr’t ik yn grutbrocht bin. As stedsdialekt folle leger op de linguistyske prestiizjeljedder, mar dêrom net minder ynteressant - en wis net minder dreech. Om jimme in bytsje paadkundich te meitsjen yn dy taal, krije jimme hjirby in taalkursus Haachsk fan my kado. As jimme dy ien kear trochnommen ha, kinne jimme oan ien tried wei troch dit stripboek lêze, om der in bytsje yn te kommen. Ik winskje jimme in protte wille by it learen en lêzen.

Ik tankje jimme foar jim gastfrijheid, en freegje yn ’t foar begryp foar it feit dat ik de rest fan myn ynteraksje mei jimme hjoed net yn it Frysk dwaan kin. Miskien dan dochs mar yn it Nederlânsk…